Tradisjonele Sineeske karakters
Tradisjonele Sineeske karakters of koartwei tradisjoneel Sineesk (tradisjoneel Sineesk: 正體字 of 繁體字; ferienfâldige Sineesk: 正体字 of 繁体字; pinyin-transliteraasje: Zhèngtǐzì of Fántǐzì) binne de 'oarspronklike' Sineeske karakters fan foàr 1956. Dy wurde ûnderskaat fan 'e neitiid ynfierde ferienfâldige Sineeske karakters.
Skiednis
bewurkje seksjeDe tradisjonele Sineeske karakters hawwe harren woartels yn 'e prehistoarje. De moderne foarmen fan dit skrift ûntstiene foar it earst as ûnderdiel fan it saneamde klerikaal skrift, yn it tiidrek fan 'e Han-dynasty (206 f.Kr.-220 n.Kr.). Fia in oergongsfoarm, it neo-klerikaal skrift berikten de tradisjonele karakters tsjin 'e ein fan 'e Han-dynasty harren úteinlike foarm as ûnderdiel fan it saneamde regulier skrift, hoewol't se stilistysk sjoen pas ta folle waaksdom kamen ûnder de iere Tang-dynasty (618-907). Sûnt dy tiid binne de tradisjonele Sineeske karakters min ofte mear gelyk bleaun.
Om't tradisjonele karakters tige dreech te learen binne, giene al yn 'e njoggentjinde iuw stimmen op om 'e yngewikkelde skriuwwize te ferienfâldigjen. Ien fan 'e earste taalkundigen dy't dêrta it foartou naam, wie Lufei Kui, dy't yn 1909 bepleite om ferienfâldige karakters yn te fieren foar gebrûk yn it ûnderwiis. Yn 'e snuorje nei de Fjouwer-Maaiebeweging fan 1919 waard op alderhanne manearen besocht om Sina te modernisearjen. Yn 'e 1930-er jierren en de 1940-er jierren waard dêrom binnen it Guomintang-regear fan 'e Republyk Sina oanhâldend diskusjearre oer karakterferienfâldiging as metoade om analfabetisme yn Sina te bestriden. Nei't de kommunisten yn 1949 de Sineeske Boargeroarloch wûn en de Folksrepublyk Sina oprjochte hiene, liet it regear fan dy nije steat yn twa weagen, yn 1956 en yn 1964, in karakterferienfâldiging trochfiere, dy't basearre wie op trije feroarings:
- fermindering fan it tal streekjes yn ien karakter;
- ferwidering fan in tal oerstallige karakters út 'e skriuwtaal;
- ferfanging fan ferskate besibbe yngewikkelde karakters troch ien ienfâldich karakter.
In diel fan 'e karakters fan 'e út dizze oanpassing resultearjende beide systemen is itselde, mei't it lang net yn alle gefallen nedich achte waard om oer te gean ta ferienfâldiging.
Hjoeddeistige sitewaasje
bewurkje seksjeDe karakterferienfâldiging fan 'e 1950-er en 1960-er jierren hat as gefolch hân dat der twa stelsels fan Sineeske karakters njonkeninoar ûntstien binne. De tradisjonele karakters bleaune nammentlik yn gebrûk yn Taiwan, Hongkong en Makau, en mank de measte Sineeske mienskippen om utens. Ek yn Súd-Koreä wurde de tradisjonele karakters noch yn beheinde mjitte foar seremoniële doelen brûkt njonken it lânseigen hangul-skrift.
Mar yn 'e Folksrepublyk Sina en mank de Sineeske mienskippen yn Singapoer en Maleizje waarden de ferienfâldige Sineeske karakters ynfierd. Tsjintwurdich sjocht men ek ûnder de Sinezen yn lannen as de Feriene Steaten, Kanada en Austraalje in tanimmende tendins om yn ferienfâldige karakters te skriuwen. Yn guon kranten en tydskriften fan 'e Sineeske diaspora wurde beide systemen njonkeninoar brûkt. Yn Sina sels wurde de tradisjonele karakters (njonken de ferienfâldige karakters) ek noch wol brûkt, benammen foar seremoniële doelen, lykas it oanbringen fan ynskripsjes en it skriuwen fan religieuze teksten, mar ek yn logo's en om in histoaryske sfear op te roppen.
Ferliking
bewurkje seksjeYn 'e tabel hjirûnder ta ferliking in stikmannich tradisjonele Sineeske karakters en harren ferienfâldige wjergaders.
tradisjoneel Sineesk |
ferienfâldige Sineesk |
---|---|
見 | 见 |
體 | 体 |
貝 | 贝 |
東 | 东 |
車 | 车 |
長 | 长 |
門 | 门 |
選 | 选 |
韋 | 韦 |
讓 | 让 |
風 | 风 |
飛 | 飞 |
電 | 电 |
馬 | 马 |
樂 | 乐 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |